Nachtskriuwer

Nachtskriuwer

Hannah is restaurateur yn it Ryksmuseum. By tafal komt se yn oanrekking mei it wurk fan in blyn wurden Fryske dichter. Lykas Blynman is se grutwurden op it lân en by de bisten en yn syn poëzij fynt se har eigen bernetiid werom. As restaurateur fielt se har sterk besibbe mei syn manier fan wurkjen. Dêr’t sy lagen troebel fernis fan skilderijen ôfhellet om de details en kleuren dêrûnder wer foar it ljocht te heljen, graaft Blynman troch desennia fan tsjusternis hinne, werom nei de bylden fan syn bernetiid, doe’t er noch wol sjen koe. Se beslút om him achternei te reizgjen nei it Waadeilân dêr’t er alle simmers kampearret. Yn yntime petearen ûndersykje se de wurking fan it ûnthâld en de ferbylding. Mar foaral leart Blynman har wer de sintugen te brûken, op it eilân fan helmgers en fûgels, en by it swimmen yn ’e see. Jannie Regnerus (1971) is skriuwer en byldzjend keunstner.

Auteur | Jannie Regnerus
Taal | Fries
Type | Paperback
Categorie | Kunst & Fotografie

Kijk verder

Boekomslag voor ISBN: 9789028221239
Boekomslag voor ISBN: 9789463650731
Boekomslag voor ISBN: 9789028223110
Boekomslag voor ISBN: 9789492052902
Boekomslag voor ISBN: 9789463653688
Boekomslag voor ISBN: 9789492176370


Boekn ©