Renger

Renger

Jimme litte jim meinimme troch moaipraters', hearde ik ús heit foeterjen. 'Sy bringe jim de holle yn ûnstjoer. Jimme moatte each ha foar de normale dingen fan it libben.' De roman Renger giet yn belangrike mjitte oer it libben fan Nyk de Vries sels. Syn heit wie in sunige boufakker út de Fryske Wâlden, syn mem wie húsfrou. Op jonge leeftyd wie De Vries sjonger fan de punkrockformaasje The Amp. Ferlegen wie er boppedat, mar útbundich net minder. Yn Grins studearre er skiednis, by IKEA kenne se him as magazynmeiwurker en sûnt 2000 is Nyk de Vries skriuwer. Oer dit libben, oer it arbeiders-miljeu yn de Fryske Wâlden en oer de needsaak jins ferline op te rêden giet dizze roman. Mar Renger giet ek oer it feit dat der gewoanwei dingen binne dy't net beneamd wurde kinne. Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) is skriuwer en muzikant. Foar Renger krige er yn 2016 de Piter Jelles Priis. Foar syn humoristise ultrakoarte ferhalen wurdt er rûnom priizge. Renger is een (deels) autobiografische familiegeschiedenis, een Bildungsroman en een road novel ineen.' (Leeuwarder Courant) ' Friezen moatte dit foaral lêze. In fantastys moai boek, hiel herkenber, en noch spannend ek.' (Douwe Heeringa, Omrop Fryslân)

Auteur | Nyk de Vries
Taal | Fries
Type | Paperback
Categorie | Literatuur & Romans

Te koop bij:
boekenwereld logo bol logo

Kijk verder

Boekomslag voor ISBN: 9789029539067
Boekomslag voor ISBN: 9789029545273
Boekomslag voor ISBN: 9789463650731
Boekomslag voor ISBN: 9789029539050
Boekomslag voor ISBN: 9789056154844
Boekomslag voor ISBN: 9789463655125


Boekn ©