De Reade Boarre

De Reade Boarre

Yn 1992 ferskynde Trinus Riemersma syn masterwurk De Reade Bwarre. It is in ferhaal mei mear lagen: in meinimmende roman oer de famylje Modderklauwer; in histoarysk relaas oer Ferwert yn de tritiger jierren; in egodokumint én in essaybundel mei de skriuwer syn fyzje op godstsjinst, literatuer, it Fryske plattelân yn de krisis- en oarlochsjierren en it Frysk nasjonalisme. En boppe-al is it in stânbyld foar syn heit, in monumint foar in man dy’t foaral in goede heit wêze woe. Riemersma wie yn de jierren '60 ien fan de foarstanners fan in radikale staveringsferoaring fan it Frysk. Hy woe dêrom de saneamde Steatestavering, it kompromis út 1976, net brûke en hold fêst oan in sels útdoktere stavering. Dat levere in wurdbyld op dat slim ôfwykte fan it gongbere. Foar in soad lêzers wie dat reden om net oan De Reade Bwarre te begjinnen, ek al waard it yn 1995 bekroand mei de Gysbert Japicxpriis, de grutste priis yn literêr Fryslân. Letter liet Riemersma syn eigen skriuwwize los en publisearre noch in hiele rige boeken yn de gongbere stavering. De Reade Bwarre wurdt sa stadichoan algemien sjoen as dé moderne klassiker fan de Fryske literatuer. Om it boek beskikber te meitsjen foar in breder publyk is it no troch skriuwster Jetske Bilker omstavere yn Standertfrysk. Mei syn romte foar farianten jout dat noch genôch mooglikheden om rjocht te dwaan oan de rykdom fan Riemersma syn taaleigen.

Auteur | Trinus Riemersma
Taal | Fries
Type | Hardcover
Categorie | Literatuur & Romans

Te koop bij:
boekenwereld logo bol logo

Kijk verder

Boekomslag voor ISBN: 9789089543943
Boekomslag voor ISBN: 9789490042127
Boekomslag voor ISBN: 9789056159955
Boekomslag voor ISBN: 9789056151850
Boekomslag voor ISBN: 9789060665077


Boekn ©