Koartsluting op it Swynserhûs

Koartsluting op it Swynserhûs

'En wy dan? Emkje spatte fûl op en gie fuort yn it gewear. 'Hoe sit it dan mei de libbens fan ús en ús bern?' kaam se him op it moed. 'Moat dit lân befrijd wurde, mar meie har ynwenners wol slachtoffere wurde?'. 'It giet mei dy stjoerder noch mar om ien kear, dat sil wol goed komme,'makke Haije in ein oan de diskusje. Syn frou wie poerrazend op him en luts de doar hurd efter har ticht.

Op it Swynserhûs, in pleats oan de Stienzerfeart ûnder Britsum, komt de oarloch wol hiel tichtby. De striid tsjin de besetter, soannen dy't de leeftiid foar de Arbeitseinsatz ha, ûnderdûkers en boer en frou Haije en Emkje Elgersma dy't inoar yn dizze spannende tiid net ferstean. Wat sa fanselssprekkend begjint rint út op in tastân dêr't se sels de rezjy finaal oer kwytreitsje.

De dokumintêre roman "Koartsluting op it Swynserhûs is it debút fan skriuwer Klaas Elgersma (1952) fan Stiens, pakesizzer fan Haije en Emkje.


Auteur | Klaas Elgersma
Taal | Fries
Type | Paperback
Categorie |

bol logo

Kijk verder

Boekomslag voor ISBN: 9789491971259
Boekomslag voor ISBN: 9789010056634
Boekomslag voor ISBN: 9789048800186
Boekomslag voor ISBN: 9781408704035
Boekomslag voor ISBN: 9783257227260
Boekomslag voor ISBN: 9789460036972


Boekn ©