De hoara's fan hastings

De hoara's fan hastings

Dizze roman spilet op 'e earme Fryske heide fan Hastings, dêr't Twizel model foar stie, en beskriuwt de wjerfarrens fan de rike boerefamylje Hastings. Heit Wychman hat in tsjuster ferline mei in healbroer, soan Fokke kriget de faam net dêr't er syn sin op set hie, en Hester, suster fan Wychman, kiest yn de striid tusken ryk en earm net foar de eigen kant. Dat allegear yn in sletten doarpsmienskip dêr't foar it earst in arbeider yn de gemeenterie komt. As dekôr tekenet de skriuwster mei grutte rykdom oan wurden it doarp en de wylde natoer fan de heide. De earste printing fan De Hoara's fan Hastings ferskynde yn 1921. `De Hoara's' wurdt beskôge as de earste grutte roman yn it Frysk. Dit boek is de werútjefte fan de sânde printing út 1992, mei in neiwurd fan Ph.H. Breuker. Wat dit ferhaal libben jout is de sfear fan ûnheil dy't Simke Kloosterman fielber om de Hoara's hinne weefde. Sels harren huzen en tunen diele dêryn. Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad Simke Kloosterman kin net allinne de aparte minsken yn har aksje en reaksje tekenje, mar ek groepen yn har hâlden en dragen. J.H. Brouwer yn Hjir Simke Kloosterman beskriuwt ús de natuer, it inerlik fan de minske, syn striid yn eigen hert, syn langstme nei it lok en de weemoed oer itjinge dat foarby is en nea werkomt. Dina Simonides yn De Fleanende Krie


Auteur | Simke Kloosterman
Taal | Fries
Type | E-book
Categorie | Literatuur & Romans

bol logo

Kijk verder

Boekomslag voor ISBN: 9789089543943
Boekomslag voor ISBN: 9789492052902
Boekomslag voor ISBN: 9789060664865
Boekomslag voor ISBN: 9789493159198
Boekomslag voor ISBN: 9789463651905
Boekomslag voor ISBN: 9789464710298


Boekn ©