Ik, Anna
Londen, 1733. De ferbyntenis tusken de Ingelske prinsesse Anna en de Fryske stedhâlder Willem hinget oan in siden tried. Willem is in pear dagen foar it houlik ynstoart en leit no, bewusteleas en mei in swiere longûntstekking, op bêd yn Somerset House. Der wurdt foar syn libben freesd.Tsjin it befel fan har heit yn siket Anna him nachts op. De dokter riedt har oan om tsjin har ferloofde te praten. Miskien dat har stim him helpe kin om wekker te wurden. En Anna fertelt. Alle nachten nimt se Willem yn betrouwen oer de houliksproblemen yn har famylje, har ambysjes, har eangsten, mar ek oer de freugde dy't se belibbet oan de muzyk fan Handel. Har bycht kin gjin kwea, fynt se. Hy heart har dochs net...Ik, Anna is in relaas oer twa jonge minsken - sy skeind troch pokken en oergewicht, hy misfoarme troch in fergroeide rêchbonke - dy't it slagget om fan in ferstânshoulik in leafdeshoulik te meitsjen. Lida Dykstra, oant no ta bekend as skriuwster fan berneboeken, jout mei dizze histoaryske roman in prachtich byld fan it hoflibben en de politike yntriizjes yn de 18de ieu.
Auteur | | Lida Dykstra |
Taal | | Fries |
Type | | Hardcover |
Categorie | | Literatuur & Romans |