It fleanend skip
It fleanend skip
It fleanend skip. Sa wie der in boer, dy hie trije soannen. De jongste dat wie Ielke de healewize. De Russyske tsaar liet bekend meitsje, dat wa't him in fleanend skip meitsje koe dy krige syn dochter ta frou. Doe sei de âldste soan fan dy boer: 'Dêr wol ik hinne!' Hy krige it lekkerste iten mei dat der op 'e pleats wie en stiek ôf. Mar doe sei de twadde: 'Ik wol ek hinne!' Hy krige ek fan alles mei dat mar lekker wie en stiek ôf. Ielke de healewize dy sei: 'Ik wol hinne'. Doe krige er dan noch in fine bôle mei en hy joech him ek fan hûs.
Auteur | | Ype Poortinga |
Taal | | Nederlands |
Type | | Bindwijze overig |
Categorie | |