Wet fan de eleminten

Wet fan de eleminten

In dramatysk ferhaal oer Sjierd en Sander, manlju dy’t troch de froulju wolris byinoar oer de flier komme. Sjierd is baas fan in boubedriuw. Sander wurket as learaar. Freonen sille it net wurde. Yn ’e eagen fan Sjierd is Sander in suertsje. Dat wol er him oan ’t ferstân bringe mei it rinnen fan in tocht oer it Waad. Om syn maat in leske te learen, kiest Sjierd foar in ôfwikende rûte. De froulju, Adel en Dora, farre mei de boat nei it eilân. Se wachtsje de manlju op by it Hege Dún. As de manlju net yn ’t sicht komme, betinkt Adel – dy’t alles leaut wat har man Sjierd seit – hieltyd wer in oar ferlechje. Dora fertrout it net. Wylst by de manlju de spanningen heech oprinne, sjocht Dora gefaren dêr’t se fan ’t begjin ôf bang foar wie. As de kammeraatskes troch twivel en wanhoop slaande deilis reitsje, krije oergeunst en âldsear it foar ’t sizzen. Wylst him op it Waad in drama ôfspilet.

Auteur | Durk van der Ploeg
Taal | Fries
Type | Paperback
Categorie | Taal

Te koop bij:
boekenwereld logo bol logo

Kijk verder

Boekomslag voor ISBN: 9789492457486
Boekomslag voor ISBN: 9789492457363
Boekomslag voor ISBN: 9789492457288
Boekomslag voor ISBN: 9789492457370
Boekomslag voor ISBN: 9789033012679
Boekomslag voor ISBN: 9789463652742


Boekn ©