De Poëtyske Edda

De Poëtyske Edda

‘Lang is it ompaad nei kweafreons stee, ek al leit it yn ’e loop; mar rjocht is it paad nei goefreons stee, ek al wennet dy fier fuort.’ In devys út 'De wurden fan de Hege', in bûnte samling fan sosjale omgongsfoarmen, toverspreuken en wiisheidsstrofen, tematysk ferienige troch de beskiedende figuer fan Alfaar Odin. Nei 'De profesij fan de sjenneres' (Völuspá) is 'De wurden fan de Hege' (Hávamál) it bekendste gedicht út de Poëtyske of Alde Edda. Yn dy prachtige samling Noarsk-Yslânske mytologyske en heroyske poëzij komme goaden en helden ta libben. De moaie Freya, Odin mei syn iene each, de sterke Thor en de slûchslimme Loki rinne lykop mei Sigurd de Drakedeader, Helgi yn ferskate ynkarnaasjes, de tragyske Gudrun en de batske Atli (Attila de Hun). Foar it earst ferskynt dy grutte kultuerskat no yn it Frysk. Oerset troch Willem Schoorstra en ûnder tafersjoch fan dr. Simon Halink (Háskóli Íslands) is de Poëtyske Edda werskepen yn de âldste taal fan Noardwest Europa. In geniet foar leafhawwers fan rike taal en mytyske poëzij.

Auteur |
Taal | Fries
Type | Hardcover
Categorie | Poëzie, Bloemlezingen & Letterkunde

Te koop bij:
boekenwereld logo bol logo

Kijk verder

Boekomslag voor ISBN: 9789492457455
Boekomslag voor ISBN: 9789020218152
Boekomslag voor ISBN: 9781624663567
Boekomslag voor ISBN: 9780460876162
Boekomslag voor ISBN: 9789491872204
Boekomslag voor ISBN: 9789089898753


Boekn ©