Rêdbâd

Rêdbâd

“Nea en te ninter hat de skiednis in kening lykas Rêdbâd kend, en syn namme is grut ûnder de himel. Doch wie it in minske lykas alle oaren. En ik, Hadagrim, soan fan Egisgar - mar ek Raven, namme fan Rêdbâd my jûn - sil it libben fan Rêdbâd Kening boekstaverje, alle pryslike en dappere dieden; mar ek de setten dêr’t ik it nea mei lykfine kinnen haw. Sa’t it west hat, sil it beskreaun wurde, ek myn eigen part yn de histoarje fan ús lân. En dat part is, lykas Rêdbâd sines, net allinne mar ynfieren en fan rom oergetten. Ferwis, no’t ik tebek sjoch op it libben, benearje my de tsjustere en ferhoalen dieden. Yn dit geskrift wol ik ek dêr rekkenskip fan jaan.” Hadagrim is de ferteller yn de roman Rêdbâd – Kening fan ’e Friezen. Willem Schoorstra (1959) set it heldhaftige libben fan de meast legindaryske kening en syn tiid del yn masterlike styl. Syn eardere romans, Swarte Ingels (2004, bekroand mei de Fedde Schurerpriis), De ôfrekken (2007), Pier – de profesij fan bline Simen (2015) en De nacht fan Mare (2017, bekroand mei de Rink van der Veldepriis 2018), binne pearels yn de Fryske literatuer, kontroversjeel fan ynhâld en skreaun yn byldzjende taal.

Auteur | Willem Schoorstra
Taal | Fries
Type | Paperback
Categorie | Taal

Te koop bij:
boekenwereld logo bol logo

Kijk verder

Boekomslag voor ISBN: 9789492457189
Boekomslag voor ISBN: 9789033004933
Boekomslag voor ISBN: 9789492457387
Boekomslag voor ISBN: 9789000363476
Boekomslag voor ISBN: 9789056152833
Boekomslag voor ISBN: 9789492457455


Boekn ©