De lêste oerstek
Tony, Hugh en Karen tochten dat se inoar tritich jier foar it lêst sjoen hienen. In heal libben is foarby gien en oantinkens binne begroeven en fuortstoppe. Mar wannear’t harren frege wurdt dochs wer gear te wurkjen – om geasten te beïerdzjen en de takomst feilich te stellen – hawwe sy allegearre in eigen reden om mei te dwaan. Op de oerstek fan Noard-Ierlân nei Skotlân komt it ferline op in pynlike wize wer boppe – en sommige saken kinne dan net efterlitten wurde.
Yn De lêste oerstek binne oantinkens ûnbetrouber, is de wierheid unwis en rûzich, en foarmet it geweld fan de Troubles wer in gefaar foar it hjir en no.
“In djipsinnich, oandwaanlik en moreel kompleks boek” — Irish Times
“Alwer in útsûnderlike roman fan ien fan de masters fan de Ierske misdaadliteratuer” — Adrian McKinty
“In meislepend ferhaal oer ferlies en skuld yn in brutsen maatskippij. In prachtich skreaun boek dat jin lang bijbleaut” — Steve Cavanagh
“Ast Noard-Ierlân begripe wolst, of eltse maatskippij dy’t konflikten trochmakke hat, set dit boek dan op dyn list… It is foartreflik skreaun” — Jan Casey
Auteur | | Brian Mcgilloway |
Taal | | Nederlands |
Type | | Paperback |
Categorie | | Literatuur & Romans |