De heit
Ald-resjersjeur Ale Alema is twa moanne mei pensjoen en kin mar net wenne oan syn tefolle oan lege tiid. En dan bellet Maart.
Beke Maart den Backer is in freondinne fan Ale syn ferstoarne frou Els en in krûdfet fol tsjinstellingen. ‘It Mystearje Maart’ sei syn Els altyd. Fiifentritich jier lyn liet se har man en beide bern samar efter doe’t se nei Austraalje ôfsette.
Wêrom is Maart werom en wat wol se fan Ale? Maart komt mei in roukaart oansetten. De datum stiet al fêst: 16 septimber. It hellet it o sa rêstich libben fan Ale fan de iene op ’e oare dei folslein oer de kop. Dit is it sânde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.
Jan Schokker is yn 1952 berne yn Oranjewâld as helte fan in twilling. Nei in technysk begjin komt it kreative yn him boppe en fan syn fjouwerentweintichste ôf is hy selsstannich mei in eigen stand- en beletteringsbedriuw. Skriuwen is fan jongs oan ôf in passy en útsein in tal toanielstikken, revu’s, ferhalen en misdiedromans, skreau er in boek oer eigen libben en wurk, De humor yn, en in roman oer twillingbroers Kabel en tou. Hy wennet yn Nijhoarne.
Auteur | | Jan Schokker |
Taal | | Fries |
Type | | Paperback |
Categorie | | Thrillers & Spanning |