Jeltsje fan Ieme tou

Jeltsje fan Ieme tou

Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme ‘tou’, fanwege de negoasje fan allegear guod dêr’t hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om ’e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy’t tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt hjirmei oan in libben fan wrotten en earmoede, mar it libben yn de frjemdte is ek net maklik. It boek begjint mei de besite fan dizze soan, Klaas, oan Brandsma, as dy al op leeftyd is. Doarpsgenoaten werkenne yn him it stal fan de Brandsma’s en hy moat ek oan syn soan Wybrand tajaan dat er safolle jierren lyn in misstap makke hat. De famylje tinkt dat Klaas op de pleats of op jild út is en se ha gjin idee fan de wei dy’t Jeltsje mei har húshâlding ôflein hat. Sa leart hy syn famylje goed kennen en hy wurdt dêr net fleurich fan. In oansprekkend, flot skreaun famyljeferhaal, dat begjint yn de jierren fyftich fan de foarige iuw, doe’t in protte minsken de oertocht nei it lân fan dream en winsken makken. Wytske Bakker Veninga (1925) hat al hiel wat wurk op har namme stean, benammen romans en koarte ferhalen. Oan dizze famyljeroman hat se de lêste seis jier wurke.

Auteur | Wytske Bakker-veninga
Taal | Fries
Type | Paperback
Categorie | Literatuur & Romans

Te koop bij:
boekenwereld logo bol logo

Kijk verder

Boekomslag voor ISBN: 9789464710793
Boekomslag voor ISBN: 9789461495266
Boekomslag voor ISBN: 9789463655125
Boekomslag voor ISBN: 9789056157630
Boekomslag voor ISBN: 9789463822060
Boekomslag voor ISBN: 9789400407688


Boekn ©