It dak fan de wrâld
'Wolst wat spannends mei my dwaan?' Op it momint dat ik it sei, wist ik dat dit net alhiel de goede wurdkar wie. 'Wat miensto wol net, it...' 'Nee, sa bedoel ik it net! Ik...' Sûnder fierder ôf te wachtsjen pandere se by de terp del en ferdwûn troch it getten izeren stek, my ferstuivere efterlittend. Mar moai dat se wie doe't se sa lilk fuortrûn! It dak fan de wrâld is de spannende twadde roman fan Ferdinand de Jong. It ferhaal nimt jim mei fan it Wâldster berchje oant de heechste berch fan de wrâld, de Mount Everest. Yn 2010 ferskynde syn debútroman Guozzeflecht.
Auteur | | Ferdinand de Jong |
Taal | | Fries |
Type | | Digitaal luisterboek |
Categorie | | Literatuur & Romans |