Leafde yn Ljouwert

Leafde yn Ljouwert

Sy wol dat er fuortgiet, hy wol híel graach bliuwe…

As troubleshooter yn in fiifstjerrehotel is Jinte Jellema wol wat wend. Se komt dan ek fuort yn aksje as se heart dat de Keningssuite yn ien jûn hielendal útwenne is troch in frijgesellefeest en dat de oansteande brêgeman wegeret om de keamer te ferlitten. Mei har keycard iepenet se de doar fan de lúksesuite, en mei kordate stappen rint se nei binnen ta…

Under de dûs besiket Hein van Kammen om de foarrige jûn fan him ôf te spielen. Hy woe gjin frijgesellefeest, want hy wol net trouwe. Helaas móat er wol. Foar syn mem, foar syn sakeymperium... ‘Jo moatte fuortdaalk dizze keamer út!’ galmet it ynienen troch de badkeamer. Skrokken draait er him om, en hy sjocht in prachtige blonde frou, dy’t him poerlilk oanstoarret. Wêrom is se sa boas op him? En wêrom seit in twingende stim yn syn holle: It giet oan!


Auteur | Fleur van Ingen
Taal | Fries
Type | E-book
Categorie | Literatuur & Romans

bol logo

Kijk verder

Boekomslag voor ISBN: 9789402545364
Boekomslag voor ISBN: 9789056157630
Boekomslag voor ISBN: 9789090350868
Boekomslag voor ISBN: 9789463650564
Boekomslag voor ISBN: 9789056151850
Boekomslag voor ISBN: 9789463650557


Boekn ©