It liet fan de ibis
Obi Okere is in Nigeriaanse keunstner dy’t op útnûging fan galeryhâldster Anne Hartogh nei Nederlân ta komt om hjir op in werf te wurkjen oan in grutte tentoanstelling. Al gau rekket er befreone mei Eva Leijn, in famke mei it syndroom fan Down dat yn ’e buert fan de werf wennet. Okere syn oanwêzigens ropt net allinnich ynstimming op, mar ek wjerstân, hielendal wannear’t Eva op mysterieuze wize ferdrinkt.
It liet fan de ibis lit him lêze as in spannende roman, mar ek as kroanyk fan in stêd oan ’e ein fan de tweintichste iuw dêr’t hoop, leafde en eigenbelang ynelkoar betize reitsje. Tagelyk is it in lyrise fertelling oer in keunster dy’t besiket om te oerlibjen yn twa wrâlden. Wat spile him ôf yn it suden fan Nigearia, dêr’t er grutbrocht waard tsjin in dekôr fan oaljewinning, byleauwe en de striid om macht en jild?
Auteur | | Koos Tiemersma |
Taal | | Fries |
Type | | E-book |
Categorie | | Literatuur & Romans |