Leave Deade
Fertriet om't immen stoarn is, fan wa't wy hâlden, faak fine wy der gjin wurden foar; it is te grut, te pynlik om oer te praten. Binne der treastwurden foar de dea fan de leafste, in bern, in freon, heit of mem? It wiene de dechters, dy't troch de ieuwen hinne besocht hawwe de grutte tema's fan it libben ûnder wudren te bringen. Net allinne de leafde, it leauwe en de natoer wiene foar har ûnderwerpen om oer te skriuwen, mar ek de dea mei al syn riedsels. Hoefolle auteurs - ek te uzes - hawwe net besocht har eigen fertriet te bemasterjen troch deroer te skriuwen? Yntinsyf sykjen yn bondels en tydskriften hat ús leard, dat by Fryske dichters fan alle generaasjes fersen oer de dea te finen binne. Ferneamde en minder bekende poëten sprutsen har op tige persoanlike wize út. Guon fersen komme jin direkt oan it moed, oare jouwe stof ta oertinking. De grutte fariaasje yn dizze blomlêzing lit sjen dat minsken op hiel ferskillende wize omgean kinne mei de dea en de emoasjes dêr omhinne.
Auteur | | Baukje Wytsma |
Taal | | Fries |
Type | | Hardcover |
Categorie | | Poëzie, Bloemlezingen & Letterkunde |