Fryslan Sjongt

Fryslan Sjongt

De alderearst printinge fan "Fryslân Sjongt" ferskynde yn 1943, op inisjatyf fan de Federaasje fan Fryske Studenteferienings. It boekje hie in oplage fan 1000 eksimplaren, de prijs wie 19 stoeren, en it motto wie: "Gijn sjongend folk op ierde wurdt warleas wei". It waard de wrâld ynstjoerd mei de opdrachtz; "En nou, boekje, swalkje Fryslân troch, fen hùs ta hûs!" De foarstap fan de studinten sloech sa oan, dat fan "us lytse stek-yn-'e-bûs". sa't hja it bondeltsje neamden, al yn 1944 in twadde printinge ferskynde. Yn de rin fan de jierren wie der heiltyd wer ferlet fan nije printingen, sadat it tal fan tûzen eksimplaren mei mear as sechstich fermannichfâldige waard. It mei bysûnder hite, dat nei mear as in heale ieu "Fryslân Sjongt" noch altyd in begryp is. De fraach nei it boekje boazet noch earder oan as dat er ôfnimt. De lêste printinge - dy fan 1986 - is al in pear jier útverkocht. Sadwaande waard de Musikologyske Wurkgroep troch de Fryske Akademy en de Afûk frege in nije printinge

Auteur |
Taal | Fries
Type | Hardcover
Categorie | Taal

Kijk verder

Boekomslag voor ISBN: 9789053521311
Boekomslag voor ISBN: 9789033014741
Boekomslag voor ISBN: 9789493159716
Boekomslag voor ISBN: 9789023825500
Boekomslag voor ISBN: 9789020232981
Boekomslag voor ISBN: 9789023009993


Boekn ©