Op ús eigen wize

Op ús eigen wize

Minderheidstalen en -kultueren moatte it faak ôflizze tsjin de oerhearsking fan dominante kultueren. By de fersprieding fan it kristendom wie meast gjin omtinken foar lytse talen, kultueren en folken, foaral net yn de perioade fan it Westerske kolonialisme. Yn de lêste 50 jier hawwe Afrikaanske kristenen heftich protestearre tsjin de antropologyske earmoed dy't dat harren oplevere hat.
Sy ûntdutsen yn it bibelboek Hannelingen fan de Apostels in folslein oare missionêre hâlding. Troch de analyze fan sân ferhalen besiket Hinne Wagenaar dy missionêre hâlding fierder op it spoar te kommen. Sa komt hy ta in teologyske basis foar tsjerke en spiritualiteit op in eigen wize. Net allinne foar Afrikaanske teology, mar likegoed om de kontoeren te jaan fan in Fryske teology.

ds. Hinne Wagenaar (Nijemardum, 1962) hat studearre yn Grins en New York. Hy wie dûmny foar bûtenlânske studinten yn Nederlân (1990-1997), dosint systematyske teology yn Kumba, Kamerûn (1998-2002), dosint missiology yn Grins (2002-2005) en dûmny fan de Protestantske Gemeente te Wurdum en omkriten (2002-2012). Sûnt 2012 is hy as pionier-predikant ferbûn oan it pioniersplak Nijkleaster en de gemeente Westerwert te Jorwert.

Auteur | Hinne Wagenaar
Taal | Fries
Type | Hardcover
Categorie | Religie, Spiritualiteit & Filosofie

Te koop bij:
boekenwereld logo bol logo

Kijk verder

Boekomslag voor ISBN: 9789061260813
Boekomslag voor ISBN: 9789492799098
Boekomslag voor ISBN: 9789065394446
Boekomslag voor ISBN: 9789023962311
Boekomslag voor ISBN: 9789491575167


Boekn ©