Oer de wjuk
Oer de wjuk
Fryslâns moaiste fûgelpoëzy
Eppie Dam
Lienke Boot
"Skries op 'e hikke ropt grito-griet." Dy dichtrigel út it 'Simmermoarn-sankje' fan Waling Dykstra is by hast elkenien wol bekend. Fryslân is ryk oan fûgels en ryk oan dichters. It is dan ek gjin wûnder dat der in soad fûgels yn de Fryske poëzy omfleane. Dochs is Oer de wjuk it earste boek dat it moaiste fan al dy fûgelpoëzy byinoar bringt. Ut goed sânhûndert Fryske 'fûgelfersen' selektearre Eppie Dam de 159 moaiste gedichten.
Yn Oer de wjuk fljocht in grut ferskaat oan fûgels foarby: fan de santjinde-ieuske earrebarre fan Gysbert Japiks oant en mei de fereale protters út ús tiid fan Hidde Boersma. Miskien noch wol grutter as dat ferskaat, is it skala oan gefoelens dy't de gedichten by de lêzer oproppe sil. Dy rykdom wol dit boek sjen litte, net tsjilpend, koerend, skatterjend, snetterjend, kritend, kweakjend, gakkerjend, krassend, tôkjend, tsjotterjend of fluitsjend, mar yn minsklike dichterstaal en mei help fan de pintekeningen fan Lienke Boot.
NUR 309

Auteur | | |
Taal | | Fries |
Type | | Hardcover |
Categorie | | Poëzie, Bloemlezingen & Letterkunde |