Piebenga, Tjitte. Sammele wurk. Proaza | Poëzij
Tjitte Piebenga wie in tige produktyf skriuwer. Behalve it wurk yn boekfoarm levere er tusken 1950 en 2002 mear as seishûndert bydragen oan tydskriften, kranten en blomlêzings. Fierder publisearre er in tal edukative berneboeken, oersettings en gelegenheidsteksten, lykas kabaretlieten en harkspullen. Fan it proaza is al it yn boekfoarm publisearre literêre wurk yn dit Sammele wurk opnaam, plus de ferhalen dy¿t Piebenga nei 1970 skreau en dy't foar in grut part yn literêre tydskriften publisearre waarden. Sjoen de omfang fan it poëtysk oeuvre wie it net noadich om it opnimmen dêrfan te beheinen. Behalve de publisearre fersebondels binne ek de bondels opnommen dy¿t Piebenga yn eigen behear útjûn hat, de fersen dy't yn tydskriften ferskynd binne én de noch net earder publisearre fersen. It Sammele wurk is besoarge troch dr. Joke Corporaal, dy't ek in koarte skets jout fan it libben fan Piebenga. De ynlieding op de poëzij is fan Abe de Vries, dy op it proaza fan Hylke Tromp. De útjefte befettet fierder in folsleine bibliografy, in katern mei foto's, in namme-register en in list fan alle fersen. It Sammele wurk is útjûn yn twa dielen yn kassette.
Auteur | | Tjitte Piebenga |
Taal | | Fries |
Type | | Paperback |
Categorie | | Taal |