Littenser merke

Littenser merke

Yn de Fryske greidhoeke longeret Eeuwkje, in jonge dûmnysfrou, nei in bern. Wêrom is har man, dûmny Laurman, net by steat om har djipste winsk te ferfoljen? Hy hat de hannen mear as fol oan strideraasjes op tsjerklik mêd, mar dat kin dochs net de ennichste reden wêze? Alles stiet yn bloei, ek Eeuwkje, mar it duorret ferskuorrend lang foar de ferlossing komt. Mear as in ieu letter libbet it slachterssoantsje Liuwe Bosgra yn itselde doarp, mar wol yn in hiele oare tiid.
Superyntelligint en ek wat autistysk stiet er yn de wrâld.
Ale S. van Zandbergen hat in ferskuorrend moaie roman skreaun oer twa haadpersoanen dy't hiel fier fan inoar ôf lykje te stean. Dit boek kinne jo as lêzer allinne mar wurdearje as jo oan 'slow reading'
dogge. Dan komme jo yn in wrâld te lâne dy't jo net gau wer loslitte
sil: fol skjientme en heim sinnige spegelingen. Betsjoenend suver. En dan te betinken dat dit in debútroman is...

Auteur | Ale van Zandbergen
Taal | Fries
Type | Paperback
Categorie | Taal

bol logo

Kijk verder

Boekomslag voor ISBN: 9780751539950
Boekomslag voor ISBN: 9789070098513
Boekomslag voor ISBN: 9789033014277


Boekn ©